In de voorjaarskrant vindt u alle informatie over onze tennisclub bij elkaar.

De voorjaarskrant kunt u hier inzien.

 

Voorwoord:

Bêste tennisleden,

We steane wer oan de begjin fan in nij tennisjier.

Mei ús Canada 10 banen, wie de hoop dat we it hiele jier trochspylje koene, mar mei sa’n kwakkelwinter is dat in utopy. Gelokkich ha wij in bedriuw fûn, dat myskien de banen wer wat better bestân meitsje kin tsjin in buike wetter.

Ferline jier is de weromrin fan it ledental stopsetten en kinne we de wei omheech wer ynsette. In hiele opstekker foar ús lytse klub.

Derom binne we ek bliid mei ús nije trainer, Wilfred Meulman. It liket ús de goede persoan om de jeugd te stimuleajren en harren op in heger nivo te bringen. We hoopje op dizze manier wer wat kontinuïteit yn de klub te krijen.

Ek sil de oefenhoek wer oanpakt wurde, hwat foar de jeugd in moai plakje wurdt om individueel as mei oaren op in lyts fjild te trainen. Ek foar de senioren it plak om bijgelyks de back-hand te trainen.

Op 12 maart wie de jierlikse Doe-dag. De wiene wer in protte frijwilligers aktief op it tennispark. It bakje kofje smakke tige en nei it snoeijen, poetsen, skrobjen dweiljen, die elts him goed oan de broadsjes en tomatesop.

 

Fierder stiet it iepeningstoernooi foar 3 april op it programma en kin der dan op elke sneintejoun tost wurde.

 

Ik winskje alle leden in sportyf 2016 ta!

Henk Dykstra